Ynlieding (Frysk)

DSC_8520 DSC_8519 DSC_8518 DSC_8517 DSC_8516

Ynlieding

Grutte trochbraken yn keunst en wittenskip ûntsteane net selden as men doart te ferjitten wat eardere generaasjes sjoen hawwe. Sý wiene it dy’t weromgean doarden nei de ûnbefongenens fan in bern. De Dútske 18e ieuske lyrikus Friedrich Hölderlin fersuchte: Doe’t ik noch in bern wie en fan alles wat ús omjout neat wist, wie ik doe net meer as no, ûnderdompele yn de kameleonskleur fan de minsken? En ien fan de grutste wiskundigen út de foarige ieu Alexander Grotendieck ferwurde it sa: De ûntdekking is it privileezje fan it ûnbefongene bern, want it ken gjin eangst om wat ferkeard te dwaan, om foar gek te stean, om net serieus naam te wurden. Sa sjoen benaderet in geniaal persoan tichter de wurklikheid mei lege hannen as een erudite heechwurker mei in rike yntellektuele bagaazje.
Itjinge ferklearret wêrom’t it ûnmooglik is in relevant keunstwurk te kreëarjen troch it yn praktyk bringen fan inkeld rasjonele bejeftigens. Ek it idee dat in relevant keunstwurk ta stân komme kin troch in oantal troch it ferstân diktearre regels yn acht te nimmen, is allinne te fergelykjen mei it idee dat de minske technysk sprutsen by steat is ta in moannelâning, fierder seit it neat.
Want elk wurk fan iennige betsjutting soe dan mei de kalkulator yn ‘e hân, troch hokker ûndernimming dan ek, al is it dy mei de minste artistike feeling, produsearre wurde kinne. Der is dúdlik wat oars oan ‘e hân: fitale ynstinktive krêften –al binne se foar harren útdrukking ôfhinklik fan de harren gunde frijheid- druiwe de keunstner en freegje om ûntlading.

Net ferwûnderlik dat yn de hjoeddeiske keunsten de eigen stim bejubele wurdt as partikuliere artistike sinjatuer by útstek. Spitigernôch komme we yn it kulturele deistige rumoer, wêryn’t skamteleaze mimesis de boppetoan fiert, in bytsje oarspronkelikheid tsjin. In útsûndering hjirop is de noch tige jonge byldzjend keunstner Ruben Stallinga. Unbefangenens is op him seker fan tapassing. Dêrtroch is syn wurkwize krekt sa bysûnder as it resultaat fan syn artistike ynspanningen. Wêr’t in regulier byldzjend keunstner begjint mei neat (in leech blêd, in blanko doek, ensfh.) om dêr út wei wat op te bouwen –of oars sein: fan neat wat begjint te meitsjen- dêr draait Stallinga dizze logika om: syn artistike opbou begjint mei konkreet ôfbrekken. Hy flechtet net yn de matearje, mar derút en wrot him wis en fol passy in wei. Wêrhinne? Der is gjin foaropset doel, gjin plan, gjin ûntwerp dêr’t er him oan fêsthâlde wol, sels gjin eksperimint.
Dizze keunstner pakt syn wurk skynber oan as in klassike byldhouwer dy’t wit dat hy it byld, dat ferburgen sit yn in grutte klobbe matearje, befrije kin. Hy kapt safolle stien fuort oant er wat oerhâldt: in materieel ding. Stallinga dêrtsjinoer lit de klobbe fierhinne yntakt en rekket de binnenkant oan oant er lege, yntrinsike foarmen oerhâldt en wol op sa’n manier dat de kontekst dêr’t dy leegte yn ferskynt ynienen relevant wurdt. Hy gommet as wie it yn rigide konstruksjetekeningen en ritmysk makket er fan in strak komponearre partituer in libbene jazz, fol ymprovisaasje en ynklusyf dissonanten. Dat is de essinsje fan syn keunst. Hy draait it artistike skeppingsproses om; syn keunst is ynverzje-keunst.
Dizze wurkwize docht wat tinken oan de negative romten yn de lettere skulptueren fan Henry Moore: troch útholling fan matearje krigen syn objekten in tige grutte sizzenskrêft. Tsjin it massive materiaal fan Moore oer stiet it subtile rastermateriaal dat Stallinga brûkt. Dat materiaal redusearret er net om ta eksplisite negative romte te kommen, ek is syn wurk gjin dekonstruksje; it is krekt oarsom, syn ôfbraak is yn wêzen opbou, want hy hat it troch him bewurke materiaal tige nedich om syn eigen universum te kreëarjen.
It wurk fan Ruben Stallinga fertsjinnet wat de ferneamde keunsthistorikus Heinrich Wölffin in morfologyske wurkwize neamde. Yn dy morfologyske wurkwize wurdt de oandacht fan de beskôger ferlein fan de keunstner nei it keunstwurk. Net langer kriget de faak romantisearre skiednis fan it libben fan de keunstner de folle oandacht, mar de fokus is fuortendaalks rjochte op it wurk. Dêr wurdt hjir yn dit gefal eksplisyt de klam op lein troch it feit dat dizze tige jonge keunstner autistysk is. Want net nettsjinsteande, mar krekt tanksij dizze beheining is hy by steat keunst te produsearjen dy’t oarspronklik is: in seine foar de kontemporêne keunst.
As lêste sil it my net neidwaan wannear’t dizze autentike byldtaal fan Ruben Stallinga, dy’t sa dreech te pleatsen is yn kategoryen as sero, konstruktivisme, minimalisme of konseptualisme, in folslein eigen wei fine sil yn it oerfolle domein fan de hjoeddeiske keunst en dat sy dêrby –yn de rin fan de tiid- it plak tabedield kriget dat sy yn de kanon fan de 21e ieuske keunst fertsjinnet.

Jorrit van Bavel (collectioneur)

vertaling: fansels frysk fertaalburo, gorredijk (www.fransels.nl)